Betsjuttings kaart 18

18. De Kloft
It is net ûnmooglik dat it wurd ‘kloft’ te krijen hat mei in oandiel yn mienskiplik besit, krekt as it wurd ‘skar’. It wurd ‘kloft’ soe besibbe wêze oan kleauwe, spjalte. De namme komt ek noardlik fan de Sumarderwei foar.

Kaart 18

24 t/m 27. It Ald Birou
Dizze namme jout oan dat de eigners spyt hienen fan de oankeap fan dizze perselen lân. Nei alle gedachten hie dat te krijen mei de lege kwaliteit fan it oanwêzige leechfean (de klyn) en dus fan de turf: de opbringst foel ôf. Dit soarte fan nammen komt ek op oare plakken yn Nederlân foar as fjildnamme: Kostverloren, Kostvlies, Verloren Arbeid, Tranendal, Berouw en De Jammer. Hieltyd giet it om nammen fan stikken lân dêr’t om ‘e nocht muoite dien is om rindemint te beheljen.

28. en 29. De Popke Poel
It wurd ‘poel’ is in oar wurd foar in plasse wetter. Wa’t ‘Popke’ krekt west hat is net bekend.

37. De Mouneleien

Dizze namme is in oantinken oan de feanterij dy’t hjir plakfûn hat. Leien is it gewoane wurd foar grûn dy’t oerbliuwt neidat it fean der weihelle is. It wurd wurdt ek brûkt foar de plasse wetter dy’t faak ûntstiet nei dy ôfgraving. It sjocht der nei út dat dit perseel grûn droech hâlden waard troch in mûntsje dat hjir yn it ferline stien hat.

Nei boppe