Betsjuttings kaart 20

12. ‘t Grienewâld
Dizze namme komt as ‘Groenewout’ al foar op de kaart fan Schotanus-Halma fan 1718. Hy wurdt dêr brûkt foar in wat royalere lokaasje, dêr’t twa buorkerijen yn lizze, wêrûnder dy westlik fan perseel 16. It sil wêze dat de namme ûntstien is troch it doetiids oanwêzige boskgebiet.

Kaart 20

13. De Skeanekamp
Nei alle gedachten hat dizze namme te krijen mei de foarm fan dit perseel. Ien kant rint skean.

15. De Ikebeamskamp
It leit foar de hân om te tinken dat dizze namme ûntstien is om’t der ea in opfallende, tinklik solitêre ikebeam stien hat.

16. De Jiskebultkamp

Dizze namme kin ûntstien wêze om’t der op dit stik lân mooglik opslach fan (húshâld)ôffal tastien wie, yn ôfwachting fan fierder ferfier.

17. It Nachtegealkampke

Dit stikje lân sil kleardernôch neamd wêze nei de nachtegealen, dy’t hjir dan yn grut tal oanwêzich west ha.

18. De Fokseblom

Dizze namme, yn ’t Hollânsk ‘De Vossebloem’, wiist op in bepaalde begroeïing fan dit stik lân.

37. De Petten

It wurd ‘pet’ is besibbe oan ‘put’. In pet is in (trochgeans mei wetter folle) gat dat oerbliuwt neidat it oanwêzige leechfean fuorthelle is. Ferlykje de namme fan it wetterskip De Putten, by de Sumarderwei. Noardlik fan dizze wei komt ek de fjildnamme ‘De Petten’ foar.

41. It Jan Sjoerdslân

It is net bekend wa’t dizze Jan Sjoerds krekt west hat.

43. De Heechkamp

Dit perseel leit in bytsje heger as de rest fan de dêr oanwêzige lannen, dêrom de namme ‘de Heechkamp’.

44. Tiekemuoi Heech
Dit wat heger lizzend perseel is neamd nei ‘tante Tieke’, mar wa’t hja krekt west hat is net bekend.

45. Tiekemuoi Leech

Dit wat leger lizzend perseel is neamd nei ‘tante Tieke’, mar wa’t hja krekt west hat is net bekend.

46. It Libbelân

Mooglik is dit stik lân neamd nei Libbe Petrus Bouma, soan fan Petrus Warners en Fopkjen Libbes. Hij ferstoar yn 1816 en bewenne de net mear besteande pleats, westlik fan perseel 16.

65. De Brede Achttien
Mei ‘Achttien’ wurdt in âlde oerflaktemaat bedoeld. Mooglik hjir de ‘Brede Achttien’ neamd om’t it perseel earder in wat breder as in smel formaar hat.

77. It Pakelân

It is ûnbekend hokker ‘pake’ hjir bedoeld wurdt.

82. It Sijtzelân

It is net bekend hokker Sijtze de nammejouwer fan dit perseel is.

Nei boppe