Betsjuttings kaart 9

1. De Wobbekamp
It is net bekend wa’t dizze Wobbe, de nammejouwer fan dit perseel, west hat.

Kaart-09

2. De Ankemuoiskamp
It is ûnbekend wa’t ‘Ankemuoi’ krekt west hat.

3. en 4. De Heidkamp

Dizze namme sprekt foar himsels: it giet om in diel heide, dat ta bou makke waard. Yn de Floreenkohieren fan 1700 wurde al (yn kultuer brochte) ‘Heidcampen en Heidlanden’ neamd. Utsoarte waard de heide (eastlik fan de buorren fan Eastermar en it Heechsân) net yn ien kear, mar stadichwei-oan yn kultuer brocht. It wurd ‘heide’ komt yn alderhande kombinaasjes foar. Inkelde foarbylden binne – njonken de Heidkamp - de Heiden en de Heidens. Heidkamp komt ek foar yn kombinaasje mei nammen fan eigners, sa as Gabe Heidkamp, Auke Heidkamp, Roanes Heidkamp. Ek kombinaasjes dy’t mei lizzing, foarm en ôfmjitting te krijen ha komme foar: Foarste Heidkamp, Lange Heidkamp, Grutte Heidkamp, Lytse Heidkamp, ensfh.

7. en 8. De Pytsjekampen

It is net bekend oan hokker ‘Pytsje’ de namme fan dizze lannen ûntliend is.

9. De Grutte Heidkamp

Dizze namme is in foarbyld fan nammejouwing dêr’t de ôfmjitting fan it oanbelangjende perseel (bou, earder heide) in rol by spile hat.

10. De Lange Heidkamp
Krekt as by de ‘Grutte Heidkamp’ is dit in foarbyld fan nammejouwing, dêr’t foarm en ôfmjitting in rol by spile ha. Het giet om in stik heide, dêr’t bou fan makke waard.

11. It Jan Koartlân
Mei ‘Koarthakke’ wurdt yn it Frysk ‘de duvel’ bedoeld. Veltman skriuwt yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side. 18: ‘Een tweede, nog gevaarlijker punt aan den Zwarten Weg was - en is misschien nog - waar de Halve Weg er op uitkomt. Daar heeft een zekere Jan gevochten met den duivel die hem kort en goed den nek omdraaide. Men vond Jan den volgenden dag dood aan de kant van den weg met het hoofd achterstevoren op den romp. Ter herinnering aan dit feit noemde men een stuk land in de nabijheid 'Jan Koartlân'. Sjoch ek de nrs. 14. en 15.

14. en 15. De Grutte Mâlen
Njonken de namme ‘De Grutte Mâlen’ of ‘De Mâlen’ wurdt foar dit grutte stik lân ek de namme ‘Jan Koartlân’ brûkt. Sjoch nr. 11. Foar de betsjutting fan it wurd ‘mâle’, sjoch de nrs. 25 t/m 28.

16. en 17. De Tillekamp
De nrs. 16 en 17 wienen eartiids ien perseel. De opbringst dêrfan wie ornearre foar it ûnderhâld fan de ‘Eastermarder Tille’, de fêste brêge oer de Lits (in saneamd ‘heechhout’), dy’t oant djip yn de 19e ieu de buorren fan Eastermar ferbûn mei de Sumarderwei.

19. De Foarste Heidkamp
Dit perseel bou, earder in stik heide, ûntlient syn namme oan de lizzing derfan, ‘foaroan’ oan de Mâlewei. Om 1865 hinne kaam it yn it besit fan de famylje Hansma, dy’t it nei de eardere eigner Lodewijk Eskes ek wol ‘It Loadewykslân’ neamde. Sjoch ek nr. 22.

20. De Filippuskamp
De namme fan dit stik lân is in oantinken oan in eardere eigner, Filippus Benedictus.

21. De Ankemakamp
It is net bekend hokker famylje ‘Ankema’ de nammejouwer fan dit perseel west hat. Of wie de oarspronklike namme miskien ‘Ankemuoi-kamp’?

22. It Loadewykslân
De namme fan dit stik lân is ôfkomstich fan in eardere eigner, Lodewijk Eskes. Sjoch ek nr. 19.

23. De Finne
‘Finne’ is in oare namme foar in stik greide.

24. De Kifinne
Dizze namme is mooglik in ferbastering fan ‘Kiif-finne’. It Hollânske wurd ‘kijven’ betsjut ‘kreauwe, spul meitsje’, dus der bestie yn earder tiden in skeel oer eigendom of gebrûk fan dizze grûn. Yn it ‘Register van de Aanbreng’ fan 1511, wêrby’t in grûnbelesting op kultuergrûn ynfierd waard, wurdt by Eastermar ‘gras up kijff’ fermeld, mar de lizzing dêrfan is net bekend. Ferlykje de namme Kijfhoek, gemeente Zwijndrecht.

25, 26, 27. en 28. De Mâlen

Dit kompleks lannen wurdt al yntekene op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 as ‘De Mâle, Weijdland’. De betsjutting fan ‘Mâle’ is net wis. Mooglik is der in ferbân mei  ‘mandelân, manlân’, wêrby’t ‘mande’ sizze wol ‘meimekoar, yn mienskip.’ Ferlykje it Midsieuske wurd ‘maal’, dat ‘dielgenoat’ betsjut. Dit soe ynhâlde dat it hjir fanâlds om in mienskar giet, greide dy’t mienskiplik beweide wurdt. Ek in ferbân mei in âlde oerflaktemaat (‘mollen’, in roede) is net út te sluten.

29 en 30. De Krúsmâlen

De nrs. 29 en 30 ha eartiids ien perseel west. Beide stikken steane no tegearre bekend as ‘De Krúsmâlen’, mar de Floreenkohieren jouwe in oare namme. Yn 1700 is de namme ‘de Hardehout’, mar dy namme sil ‘de Hardehorne’ wêze moatte, sjoen de neifolgjende staveringswizen: yn 1738 en 1748 ‘de Harde Herne’ en fan 1758 oant 1858 ‘de Harde Horne’. It wurd ‘herne’ of ‘horne’ betsjut ‘hoeke’. De ‘Krúsmâlen’ ûntliene harren namme oan de lizzing, dwers op ’e ‘Mâlen’.

31. De Baarnekamp
It is net bekend wat dizze namme krekt betsjutte mei.

33. De Wytsommekamp

It is ûnbekend hokker ‘omke Wytse’ as nammejouwer fan dit perseel fungearre hat.

Nei boppe