Betsjuttings kaart 13

5. en 6. De Tienkamp
De ferklearring fan de namme Tienkamp (ek: Tienekamp) is net bekend.

Kaart-13

7. De Bosk
De namme ‘De Bosk’ is in oantinken oan de tiid dat dit perseel ynplante wie mei beammen en strûken. Dizze namme hie ek in rûmer gebrûk: fan minksen dy’t yn dit diel fan Eastermar wennen sei men noch oant yn de 20e ieu dat hja ‘yn De Bosk’ wennen. Veltman skriuwt yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 20 oer bosk yn Eastermar: ‘Bosch vond men, zooals reeds werd opgemerkt, tamelijk veel. Aan weerszijden van den Vuilnisweg (no: Mounekamp) en de Joerelaan vond men een breede strook boschgrond, waarin zich een menigte slangen bevonden. Rondom de boerderij, thans door Tj. v/d Veen bewoond (no: Skûlenboargerwei 14?) , waren ze zoo menigvuldig, dat men ze, naar verhaald wordt, soms bij tientallen in de vensterbanken vond en men ze met de spade moest verwijderen.
De namme ‘De Bosk’ komt op mear plakken foar yn Eastermar. Sa skriuwt Veltman oer it perseel ‘De Bosk’ by de ‘Atsma-pleats’ (hjoeddeisk adres Heechsân 28): ‘Een ander slangenland was de omgeving van de boerderij, waar nu Tj. Atsma woont. 't Moet eens gebeurd zijn, dat een paar werklui een slang den kop afsloegen en - dadelijk daarop wemelde het van slangen, wat het vermoeden deed ontstaan, dat er een van buitengewone beteekenis vermoord was (kroonslang).

8. It Reinelân
Dizze namme komt foar yn in akte út 1875. Mooglik is de namme ôfkomstich fan in eardere eigner, in Rein. Sjoch ek nr. 10.

9. De Boskkamp

Dizze namme, ‘De Boschkamp’, is te finen yn in akte út 1875. De namme ‘De Boskkamp’ is in oantinken oan de tiid dat it perseel ynplante wie mei beammen en strûken. De namme ‘De Boskkamp’ komt op mear plakken foar yn Eastermar. Sjoch ek nr. 7.

10. De Reinekamp

Mooglik is de namme ôfkomstich fan in eardere eigner, in Rein. Sjoch ek nr. 8.

13. It Sânlân
De namme ‘Sânlân’ giet tebek nei de tiid dat op dit perseel sân groeven waard. De namme komt op mear plakken yn Eastermar foar. In selde gebrûk, it ôfgraven of ‘dollen’ fan sân, resultearre ek wol yn in oare nammejouwing, sa as De Dolle, Gerkedolle of‘It Doltsje’. Sjoch nr. 24.

18. It Noarderlân
Dit stik lân waard yn de Floreenkohieren fan 1738 omskreaun as 'Het Noorderland'. It is net wis wêr’t dit ‘noardlik fan’ opwerom giet: noardlik fan nr. 23, de Joerekamp? Of hat op dat plak de noardlike pleats stien fan de twa boerepleatsen dy’t ‘de Joere’ neamd waren? Sjoch nr. 23.

23. De Joerekamp

De Joerekamp (en ek de mear eastlik lizzende lannen oan de Joereleane, dy’t ‘De Joerekampen’ hjitte) hearre by de Joerepleats (hjoeddeisk adres Joereleane 1). Veltman skriuwt hjiroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 29 dat de Joere fanâlds bestie út twa pleatsen, wêrfan’t de noardlike om 1735 hinne ôfbrutsen waard. Op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 binne dy twa buorkerijen noch yntekene. Veltman spekulearret op side 94 oer de fraach oft op de Joere yn in fierder ferline in (aadlike) stins stien hat.

24. It Doltsje

De namme ‘It Doltsje’ is ôflaat fan it Fryske tiidwurd ‘dolle’, dat ‘grave’ betsjut. It jout hjir oan dat op dit perseel sân ôfgroeven waard. It resultaat is noch altyd sichtber oan de grutte fiver op ‘e hoeke fan de Joereleane en de Mounekamp. Sjoch ek nr. 13.

Nei boppe