Betsjuttings kaart 15

1. It Ruerdelân
It is net bekend nei hokker ‘Ruurd’ dit stik lân neamd is.

Kaart 15

3. It Lege Kampke
It seit himsels dat dit perseel neamd is nei de wat legere lizzing yn ferliking mei it lân hjir omhinne.

4. It Foarhúslân
Dit perseel lei foar de pleats dy’t hjir – oant de ôfbraak ein 19e ieu – stie op it súdlik diel fan perseel 7.

5. It Libbelân
It is net bekend wa’t dizze ‘Libbe’, de nammejouwer fan dit stik lân, krekt west hat.

6. It Louwe Kampke
It is ûnbekend oan hokker ‘Louw’ de namme fan dit perseel ûntliend is.

8 t/m 12. De Wringelannen

In ‘wringe’ is in tagongshikke ta in perseel lân fan in bepaalde konstruksje. De hjir neamde lannen wienen dus fia sa’n soarte fan hikke berikber.

13. De Heidkamp

Dizze namme sprekt foar himsels: it giet om in stik heide dat ta bou makke waard. Sjoch ek nr. 31. Yn de Floreenkohieren fan 1700 wurde al (yn kultuer brochte) ‘Heidcampen en Heidlanden’ neamd. Utsoarte waard de heide (eastlik fan de buorren fan Eastermar en it Heechsân) net yn ien kear, mar stadichoan yn kultuer brocht. It wurd ‘heide’ komt yn alderhande kombinaasjes foar. Inkelde foarbylden binne – njonken de Heidkamp - de Heidenen de Heidens. Heidkamp komt ek foar yn kombinaasje mei nammen fan eigners, sa as Gabe Heidkamp, Auke Heidkamp (sjoch nr. 34), Roanes Heidkamp. Ek kombinaasjes dy’t mei lizzing, foarm en ôfmjitting te krijen ha komme foar: Foarste Heidkamp, Lange Heidkamp, Grutte Heidkamp (sjoch nr. 24), Lytse Heidkamp (sjoch nr. 25), ensfh.

14. It Auke Martenslân
It is net bekend wa’t ‘Auke Martens’, oan wa’t de namme fan dit perseel ûntliend is, krekt west hat.

15. It Postma’s lân
It is ûnbekend hokker famylje Postma dit stik lân eartiids yn eigendom hie.

16. It Binnelân
It is net bekend hokker Binne hjir bedoeld wurdt. It giet sûnder mis om in eartiidske eigner.

17. De Gerkedolle
It twadde diel fan dizze namme, ‘dolle’, is ôflaat fan it Fryske tiidwurd ‘dolle’, dat ‘grave’ betsjut. It ferwiist dernei dat op dit perseel sân groeven waard, wêrby’t in dobbe ûntstie. In selde gebrûk, it dollen fan sân, resultearre ek wolris yn in oare nammejouwing, sa as ‘It Sânlân’. Mar wa’t ‘Gerke’ krekt west hat, is ûnbekend.

18. De Earste Heechkamp

Dit perseel ûntlient syn namme oan de wat hegere lizzing. Yn it Floreenkohier fan 1788 stiet it registrearre as ‘De Hoogekamp’. Wêromt it (letter) de ‘earste’ Heechkamp neamd wurdt is ûnbekend, want in ‘Twadde Heechkamp’ ûntbrekt.

19. It Piter Jehanneslân
Mei Piter Jehannes wurdt Pieter Johannes van der Meer (1789-1866) bedoeld, boer op de Joerepleats (hjoeddeisk adres Joereleane 1). Nei him waard ek de‘Piter Jehanneswei’ en de ‘Piter Jehannes Opslach’ neamd.

23. It Harme Knjilleslân, ek: Bumalân

It is net bekend wa’t de nammejouwer fan dit perseel lân, ‘Harm Kornelis’, west hat. Ek is net krekt te sizzen hokker ‘Buma’ hjir bedoeld wurdt.

24. De Grutte Heidkamp
Dit stik lân heart by de stikken heide dy’t as lêste binnen it doarpsgebiet fan Eastermar yn kultuer brocht binne. Ferlike mei nr. 25 is it it (in bytsje ) gruttere perseel. Sjoch ek nr. 13.

25. De Lytse Heidkamp

Dit stik lân heart by de stikken heide dy’t as lêste binnen it doarpsgebiet fan Eastermar yn kultuur brocht binne. Ferlike mei nr. 24 is it it (in bytsje) lytsere perseel. Sjoch ek nr. 13.

27. De Tredde Kamp

It is net dúdlik yn hokker opsicht dit stik lân as it ‘tredde’ perseel sjoen wurde moat.

29. It Binnenfliet
It ‘Binnenfliet’ is in poel dy’t syn wetter ‘binnen’ hâldt, dus gjin ôfwettering hat nei in deunby lizzend streamke of mar. It is dus net, sa as wolris tocht en skreaun wurdt, it ‘Binnefliet’, yn de sin fan ‘it fliet fan Binne’. De namme ‘fliet’ (it Hollânske tiidwurd ‘vlieten’ wol sizze ‘mei snelheid streame’) komt yn dizze kriten fan Fryslân mar in bytsje foar. In foarbyld is in dobbe by de Harkema, ‘It Swartfliet’. Yn feite is it Binnenfliet in saneamde pingo-ruïne, in oerbliuwsel út de lêste Iistiid, dy’t om 10.000 foar Kristus hinne einige. Yn in (lytse) permanint beferzen hichte koe dan in kearn fan ta iis beferzen wetter foarkomme. De yn krêft tanimmende sinne liet grûn en iis teie en dêrtroch ûntstie in kraterke, folle mei wetter: in pingo-ruïne. Mar in soad fan op dy manier ûntsteane pingo-ruïnes binne ferdwûn. Yn de rin fan de ieuwen rekken dy nammentlik stadichwei fol mei fean.

31. De Heidkamp
Dit stik lân heart by de stikken heide dy’t as lêste binnen it doarpsgebiet fan Eastermar yn kultuer brocht binne. Sjoch ek nr. 13.

31a.  It Tsjerkeboskje
De betsjutting fan dit mei bosk begroeide perseeltsje is: ‘bosk, eigendom fan de tsjerke’. It is dus net: ‘bosk, eigendom fan in mei namme neamde Tsjerk’.

34. Auke Heidkamp

Dit stik lân heart by de stikken heide dy’t as lêste binnen it doarpsgebie fan Eastermar yn kultuer brocht binne. Sjoch ek nr. 13. Mar wa’t ‘Auke’ west hat, is ûnbekend.

Nei boppe