Betsjuttings kaart 16

8. De Lange Trije
It earste diel fan dizze namme is ûntliend oan de langrekte foarm fan dit perseel. Mar it is ûndúdlik wêr’t it telwurd ‘trije’ op tebek giet.

Kaart 16

14. en 15. De Hynstepetten
It wurd ‘petten’ hat te krijen mei feangraverij en it meitsjen fan turf. It binne de ‘petgatten’ (ferlykje it wurd ‘put’) dy’t oerbliuwe neidat it fean fergroeven is en fakentiids fol mei wetter reitsje. De komôf fan it foarste diel fan dizze namme (Hollânsk: ‘de Paardenpetten’) is ûnbekend. It is net dúdlik hokker rol hynders hjir krekt spile ha. Sjoch ek de nrs. 22. en 23.

18. De Jellumer Pôle

It wurd ‘pôle’ is it gewoane wurd foar in lyts stikje grûn. It is ûndúdlik wêrom’t it de ‘Jellumer Pôle’ neamd wurdt: is der in relaasje mei (in ynwenner fan) it doarp Jellum (súdwestlik fan Ljouwert)?

21. De Timmermanskamp, ek: De Kjellingen

Om hokker timmerman it hjir giet is net bekend. It perseel stiet (mei oare stikken lân) ek bekend as ‘De Kjellingen’. Sjoch nr. 24.

24. De Kjellingen

Sjoch ek de nrs. 21, 25 t/m 32, 43 t/m 45, 52 en 55. It is mooglik dat noch mear stikken lân as de hjirneamde yn it ferline mei-inoar de Kjellingen foarmen, sadat it hjir om ien, oaniensletten, kompleks giet.
De Kjellingen foarmje in opfallende sânkop yn it omlizzende feangebiet. De hichte is omstrings twa meter en leit op de grins fan de eardere delte fan in streamke, dat de Burgumer Mar ferbûn mei De Leien. Fuortby de Kjellingen hat de Amerikaanske archeolooch Newell yn de jierren santich fan de 20e ieu ûndersyk dien nei in grutte delsetting uit de Mid-Stientiid.
Tusken 1925 en 1942 ûntduts Piet Horjus, winkelman en amateur-archeolooch út Eastermar, op de Kjellingen in kolleksje gebrûksfoarwerpen út de Lette Stientiid, ôfkomstich út de Tsjongerkultuer (om 10.000 foar Kristus hinne). It gie om Tsjongerspitsen, koarte, massive skrabbers, stekkers en saneamde klingskrabbers. De earder oanwêzige toendra wie doe al feroare yn in lânskip fan bjirke- en dinnebosken. De jagers fan de Tsjongerkultuer hienen dus net allinnich rindieren om op te jagen (sa as harren foargongers út de Hamburgkultuer) mar koenen ek jacht meitsje op wyld dat yn de bosken libbe. De artefakten út de kolleksje Horjus meitsje diel út fan in gruttere samling, oanwêzich yn it Streekmuseum Burgum.

In ferklearring fan de namme Kjellingen is net foarhannen. De namme komt fan 1700 ôf yn de Floreenkohieren foar, skreaun as ‘Kellingen’. De útgong -ingen jout in meartalsfoarm oan. Oer de betsjutting fan it wurd ‘Kjel(l)’ kin allinnich spekulearre wurde. Leit der in relaasje mei it wurd kjeld = Hollânsk koud? Mei it wurd keal = Hollânsk kalf? (ferlykje in wurd as ‘de Keallekamp’, útsprutsen as ‘de Kjellekamp’). Waarden der doe oer ’t generaal allinnich keallen weide? Of mei keal = Hollânsk kaal? Dan soe it gean oer in kompleks lannen dêr’t de begroeiing gruttendiels weiwurden wie.

It falt op dat it wurd Kjellingen ek yn Skandinavië foarkomt. Sa is it de namme fan in muzykgroep en fan in radiostasjon yn Sweden.
Literatuer Henstra, K.R., E. Kramer, L. Postma, M. Postma, K.J. Bekkema, 1995. Pieter Horjus (1887-1962). Amateur-archeologie in het oosten van Friesland. Utjefte fan Streekmuseum/Volkssterrenwacht Burgum, Burgum. Ynternet. Sykmasine Google op Kjellingen

36. De Keimpe Leien
Mei ‘leien’ wurdt de ûndergrûn bedoeld dy’t oerbliuwt neidat it oanwêzige fean ôfgroeven is. It wurd giet ek wol oer op it wetter wêrmei’t in ôfgroeven stik grûn him follet: sa kaam it marke De Leien oan syn namme. Wa’t ‘Keimpe’ krekt west hat is ûnbekend. Hjoed de dei makket de Keimpeleien diel út fan it dêr oanleine natoergebiet. Sjoch ek nr. 40.

38. De  Lytse Buorren
Op de westlike kant fan de Lits, by it begjin fan De Leien, hat in lytse delsetting fan turfgravers west, dy’t ‘De Lytse Buorren’ neamd waard. Veltman skriuwt hjiroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side. 10: ‘Een kleiner gehucht ontstond vlak bij de verveningen, de z.g. 'Lytse Bûrren', waar in de laatste jaren nog vele overblijfselen van vroegere woningen gevonden worden. Toen de verveningen afgeloopen waren, had dit gehucht geen reden van bestaan meer en verdween het even snel als het ontstaan was.’

42. De Swaentsje Leien

Mei ‘leien’ wurdt de ûndergrûn bedoeld dy’t oerbliuwt neidat it oanwêzige fean ôfgroeven is. It wurd giet ek wol oer op it wetter wêrmei’t in ôfgroeven stik grûn him follet: sa kaam it marke De Leien oan syn namme. Oan hokker ‘Swaentsje’ hjir as nammejouster tocht wurde moat is net bekend.

49. en 50. De Unwaarskamp
It is ûnbekend wêrom’t dizze perselen sa neamd wurde. Hat it hjir ris in kear swier waar west mei ynslach fan wjerljocht?

53. en 56. It Allelân
It is net bekend oan hokker ‘Alle’ de namme fan dizze perselen ûntliend is.

Nei boppe