Betsjuttings kaart 17

7. o/m 10. De Petten
It wurd ‘pet’ hat te krijen mei it wurd ‘put’. In ‘pet’ is in (faak mei wetter folle) gat, dat oerbliuwt neidat it oanwêzige leechfean (de klyn) der weihelle is. Ferlykje de namme fan it wetterskip ‘De Putten’ dêr’t ‘De Petten’ byhearre. Sjoch ek nr. 18. en 19.

Kaart 17

11. o/m 14. De Warfeanen
Dizze namme is in kombinaasje fan ‘warren’ en ‘fean’. It foarste diel betsjut ‘leech lizzende greide’ en it twadde part is in oantinken oan it leechfean dat hjir ôfgroeven waard. De namme ‘De Warren’ komt bygelyks foar yn Suwâld en Earnewâld.

20. De Kloften

It is net ûnmooglik dat it wurd ‘kloft’ te krijen hat mei in oandiel yn mienskiplik besit, krekt as it wurd ‘skar’. It wurd‘kloft’ soe besibbe wêze oan kleauwe, spjalte. De namme komt ek súdlik fan de Sumarderwei foar.

23. t/m 26. De Reidpoel
Dizze namme wiist op in mei reid tichtwaakse stik wetter. It jout de lânskiplike sitewaasje wer nei ôfrin fan de feangraverij, ear’t ynpoldering plak hie.

27. en 28. De Feanen

De namme ‘De Feanen’ ferwiist nei de tiid dat it hjir oanwêzige leechfean ôfgroeven waard. Sjoch ek nr. 30, 32 en 34.

29. De Tsjoegen

Sjoch ek nr. 31 en 33 en 40 t/m 43. Dizze namme omfiemet hiel wat perselen, wat der op wize kin dat der in tiid west hat dat miskien dit hiele gebiet ‘De Tsjoegen’ neamd waard. It hat nei alle gedachten yn it (fiere) ferline in mienskar west, lân dat mienskiplik eigendom wie en brûkt waard om fee yn te weidzjen. De namme is al te finen yn de Benefisjaalboeken fan 1543: 'een mansmat hoylandt leggende op 't Tioegs t' Oestermeer'. It wurd ‘tsjoege’ wurdt brûkt as ‘oandiel’, fuortkaam út ferdieling fan mienskiplik besit. De namme ‘Tsjoege’ komt ek oars wol foar yn Eastermar: it ‘Tsjoegelân’, westlik fan de Skûlenboargerwei.

36. It Fintsje
De namme ‘fenne’ of ‘finne’ is de wenstige namme foar greide. It giet hjir dus om in lyts perseeltsje greide.

37. en 38. De Eagen

It  Floreenkohier fan 1858 omskriuwt dit perseel as 'Leijen, de Eegen genaamd'. Leien is it gewoane wurd foar grûn dy’t oerbliuwt neidat it fean der weihelle is. It wurd wurdt ek brûkt foar de plasse wetter dy’t faak ûntstiet nei dy ôfgraving. ‘Eagen’ soe ôflaat wêze kinne fan ‘igge’ dat it Fryske wurd foar ‘oever’ is, yn dit gefal dus de igge fan de Lits. In oare ferklearring giet derfanút dat it wurd besibbe is oan ‘ach’ of ‘each’, it Hollânske wurd‘oog’. Dan soe de betsjutting ‘eilân’ wêze, sa as yn Skiermuontseach. Yn dit gefal soe it net om in eilân hoege te gean, mar wol it sizze: ‘regelmjittich troch wetter bespield stik lân’.

Nei boppe