Us logo

logo-rompaad400.gif

It aardige fan ús logo is dat it op meardere wizen lêzen wurde kin, it ropt ferskate assosjaasjes op. It soe bygelyks in lânskip wêze kinne mei in hoarizon, en as middelpunt in mar of dobbe. It kin ek in lânskip wêze as in waaier, mei kûlissen of sleatten dy't de perselen skiede. Men kin der ek in blom yn sjen mei blomblêden; mar ek in poddestoel.
Of in sinne, mei strielen dy't oan 'e grûn rikke.

Der rint in paad sintraal troch it lânskip en dat paad begjint ûnder de tekst 'Rom Paad'.
Kin it útnoegjender?