Doel fan de StichtingDe Stichting Rom Paad besiket syn doelen te berikken troch û.o. strategyske stikjes grûn te ferwervjen. Net om it besit fan de grûn, mar om bygelyks as partij meidwaan te kinnen yn in kavelruil en sa erftsjinstberheden te festigjen yn it belang fan de tagonklikheid, it behear en it ta ûntwikkeling bringen fan natoer- en kultuerhistoaryske wearden. Toponimen In oar doel fan de Stichting Rom Paad is it stimulearjen fan ûndersyk nei de nammen (toponimen) fan de ferskate perselen en lânskipseleminten en de ôfkomst/betsjutting fan dy nammen. Swimplakken en kanorûtes Aldere Eastermarders witte noch dat de eastkant fan de Mar foar elkenien tagonklik wie en dat der eartiids meardere swimplakken oan diskant fan de Mar wienen. It 'earste' swimplak wie it moetingsplak foar de jongerein en nei geraden de ferkearing fêster waard ferhûzen de steltsjes fan it iene nei it oare swimplak. |