Eastermar, ûntstean en lizzing

It Heechsân mei d'Ald ToerIt doarp Eastermar is ûntstien mei't boeren har festigen op 'e hegere grûn oan 'e east- kant fan 'e Burgumer Mar. Wannear't de earste bewenners har hjir nei wenjen set ha,  is net mear nei te gean. Om 1200 hinne moat de earste stiennen tsjerke op it tsjintwurdige tsjerkhôf boud wêze. Sjoen it ferkavelingspatroan fan 'e alde boulannen, kin konkludearre wurde, dat de boeremienskip op syn minst in pear ieuwen âlder is.
Oan 'e ein fan 'e Midsieuwen wie it doarp al aardich útwreide: de measte pleatsen moatte ferspraat om 'e tsjerke hinne en oan 'e noard- en súdkant fan It Heechsân stien hawwe. Mar doe wie it út mei de oanhâldende groei fan it boeredoarp.

Tsjin 'e ein fan 'e fyftjinde ieu waard in begjin makke mei ferfeantsjen op grutte skaal. Oant sawat 1750 hat dizze aktiviteit de ûntjouwing fan Eastermar bot beynfloede.
Nei 1750 waard de wurkgelegenheid yn 'e feanterij, troch útputting fan it fean, hurd minder en foel it doarp werom ta in agrarysk bestean.

It ferfeantsjen hie grutte en foar in part bliuwende gefolgen: it ûntstean fan de Leien en it ferdwinen fan hiele stikken greide. Mar der wie ek winst: it wytfean dat agrarysk amper te brûken wie, makke plak foar it goede greidlân fan it tsjintwurdige Wytfean. Yn it gebiet fan de feanterij ûntstienen hiel wat delsettingen fan feanarbeiders. Dizze buorskippen waarden wer wei doe't it mei de ferfeaning dien wie.

sintrum foar skipfeart, hannel en ambachtBy de brêge oer de Lits, op 'e râne fan de hegere sângrûn, ûntstie 'De Wâl', nei alle gedachten earst as wenplak foar feanarbeiders. Letter ûntwikkele dizze buorskip him,mei troch it gaadlike plak oan 'e iennige wetterferbining nei it feangebiet, ta in sintrum fan skipfeart, hannel en ambacht. Sa waard 'De Wâl' de wichtichste kearn fan it doarp en bleau dat ek. Doe't der minder ferfeante waard, foel de basis fan wolfeart wei en dy malêze duorre oant de midden fan de tweintichste ieu.

De ûntwikkeling fan de âlde kearn fan it boeredoarp It Heechsân bleau, troch it opkommen fan De Wâl, stykjen. De herfoarme tsjerke bleau op It Heechsân en der hienen har ek in pear nearingdwaanden festige. Hjoed de dei hat It Heechsân it oansjen fan in lyts doarp.

It boerebedriuw ûntwikkele him stadichwei. Nei de ferfeanting waard de dalgrûn fan it Wytfean yn kultuer brocht en ûntstie der in mienskip fan boeren.De pleatsen waarden net, lykas yn oare feankoloanjes, by de feart lâns boud, mar op in hegere sânrêch, eastlik fan 'e feart.
De lêste heidefjilden op de grins mei Droegeham waarden oanmakke, it lege lân om de Burgumer Mar hinne waard ynpoldere en om 1920 hinne wie it hiele doarpsgebiet yn kultuer brocht. By it buorkjen feroare der wol ien en oar: wienen der yn't earstoan mingde bedriuwen mei it fee yn tsjinst fan 'e lanbou, nei 1880 waarden der noch hast allinnich mar produkten ferboud foar de feehâlderij.
It pleatslike suvelfabryk ferdwûn troch konsintraasjes en ek op oar gebiet rûn de wurkgelegenheid tebek.

Der kaam wat kompinsaasje troch de festiging fan inkelde fabriken oan it kanaal by Skûlenboarch (± 1960)

Yn it kulturele is Eastermar oant sawat 1880 in ienheid bleaun: ien tsjerke en ien skoalle. De menisten wennen lykwols al yn 'e tiid fan 'e feanterij op it Wytfean en hienen dêr in eigen tsjerke. Op It Wytfean wie ek in skoalle, mar dy is troch de besunigings yn 'e tritiger jierren opheven.
Nei 1880 feroare der in soad op kultureel en godstsjinstich mêd. De oprjochting fan de kristlike skoalle yn 1884 wie tige yngripend. De 'staats'skoalle ferlear in soad learlingen. Troch de Doleânsje skieden de grifformearden har yn 1887 ôf fan 'e herfoarme tsjerke. Fjirtich jier letter stapten de frijsinnich herfoarmen út de herfoarme tsjerke fan Eastermar.

lt doarp Eastermar leit yn 'e súd-easthoeke fan de gemeente Tytjerksteradiel en beslacht sa'n 1680 hektare. It grutste part fan de Burgumer Mar en omtrint de helte fan 'e Leien hearre ek ta it doarpsgebiet.
Yn 'e midden fan de 20e  ieu binne de grinzen fan Eastermar ferlein yn it foardiel fan  de doarpen Rottefalle, Jistrum en Sumar. De grinzen fan hjoed de dei komme oer it generaal oerien mei de grinzen fan it wurkgebiet fan skoallen, tsjerken en ferienings.
Grûnkundich bestiet it doarpsgebiet fan Eastermar foar it grutste diel út sân; it leger  lizzend gebiet westlik fan 'e Lits en om 'e Leien hinne bestiet foar in part út feangrûn.

Burgumer Mar en Leien soargje simmers foar in soad fertierDe earderneamde buert 'De Wâl' hat him ûntjûn en hanthavene ta de haadkearn fan  it doarp en hat ek offisjeel de namme fan Eastermar.
De helte fan de Eastermarder befolking wennet yn dizze kearn en dêr binne ek de  measte bedriuwen fan hannel en ambacht. In part fan dizze bedriuwen lûkt ek minsken  fan bûten it doarpsgebiet.

De wettersport op Burgumer Mar en Leien soargje simmers foar in soad fertier.

It Heechsân hat it oansjen fan in doarp hâlden (de âlde doarpskearn). Der is gjin middenstân mear te finen mar wol in tsjerke en it ferieningsgebou. Yn en om dizze kearn binne noch in soad boerepleatsen. Sawat in kwart fan 'e befolking wennet op it Heechsân.

BoerestreekIt Wytfean hat it karakter fan in boerestreek. De bebouwing bestiet foar sa'n fyftich prosint út boerepleatsen.

Dan binne der noch wat lytsere buorskippen lykas Skûlenboarch en de Heidbuorren dy't benammen bestean út boargermanswenten en wat fersprate pleatsen.

Boarne: Eastermar (1990)
Bydrage fan Sybe de Jong (1931-1988)
Boek útjûn ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Feriening foar Doarpselang (mei tastimming fan it bestjoer fan Doarpsbelang en op twa plakken oanpast oan 'e dei fan hjoed: de sitewaasje op It Heechsân en: fan 'dizze' ieu is de 20e ieu makke).

Foto's: Streekmuseum Burgum, kolleksje Dam Jaarsma

Nei boppe