Y.M. Johan Kroes(Deze tekst is alleen in het Frysk beschikbaar) Op freed 2 septimber hat in delegaasje fan it Rom Paad-stiftingsbestjoer de ôfskiedsbyienkomst foar Johan Kroes bywenne. Mei famylje freonen en goekunde waard weromsjoen op it libben fan dizze karakteristike âld-Eastermarder. Johan – syn namme folút is Johannes Auke Gijsbertus Hendrik Kroes – hat mei Atse Atsma oan ‘e widze stien fan Rom Paad. Dit duo tekene yn oktober 2007 de oprjochtingsakte fan de stifting by in notaris yn Like. Dêrnei naam Johan it foarsittersskip op him. Under syn lieding binne der tal fan plannen makke dy’t yn oerienstimming mei de stiftingdoelstelling wienen. Yn dy doelstelling stiet û.o. dat ‘de stichting streeft naar een duurzame en harmonische verwevenheid van de functies van natuur, wildbeheer, landbouw, landschap milieu en recreatie ter bevordering van Leefbaarheid en welzijn in Eastermar’ Troch it ferstjerren fan Johan ferlieze wy in kleurryk persoan dy’t yn syn hâlden en dragen mannichien ferrasse koe. Der sil noch faak oan him weromtocht wurde. Rom Paad: Stichtingsbestjoer en Ried fan Tafersjoch.
|