Y.M. Johan Kroes

Op freed 2 septimber hat in delegaasje fan it Rom Paad-stiftingsbestjoer de ôfskiedsbyienkomst foar Johan Kroes bywenne. Mei famylje freonen en goekunde waard weromsjoen op it libben fan dizze karakteristike âld-Eastermarder.

Johan – syn namme folút is Johannes Auke Gijsbertus Hendrik Kroes – hat mei Atse Atsma oan ‘e widze stien fan Rom Paad. Dit duo tekene yn oktober 2007 de oprjochtingsakte fan de stifting by in notaris yn Like. Dêrnei naam Johan it foarsittersskip op him. Under syn lieding binne der tal fan plannen makke dy’t yn oerienstimming mei de stiftingdoelstelling wienen. Yn dy doelstelling stiet û.o. dat ‘de stichting streeft naar een duurzame en harmonische verwevenheid van de functies van natuur, wildbeheer, landbouw, landschap milieu en recreatie ter bevordering van Leefbaarheid en welzijn in Eastermar’
Ien fan ‘e plannen wie it realisearjen fan in kuierpaad dat fan ‘e Sumarderwei fia de súdwestkade fan ‘e Burgumer Mar nei de Houwinksreed rint. Dat is no ûnderdiel fan de Ekologyske Ferbiningszône Burgumer Mar-De Leien. Oan dy marswâl hienen omkes fan Johan (hy is nei harren ferneamd) in lisplak foar har ark. As bern gie Johan dêr faak hinne.
In oar plan is it Stedmapaad, dat begjint by de Achterwei en lâns de noardkant fan it sportkompleks rint om úteinliks út te kommen op de Grutte Hoarnstwei njonken boubedriuw Swart en dat noch altiten op ‘e Rom Paad-rol stiet.
Njonken syn ynspanningen foar Rom Paad wie Johan in tige goeie reedrider en mocht er graach sile. Feardichheden dy’t er syn beide dochters ek bybrocht.
Doe’t Johan yn 2011 nei Beetstersweach ferhûze, naam Gearte Leistra de Rom Paad foarsittershammer fan him oer.

Troch it ferstjerren fan Johan ferlieze wy in kleurryk persoan dy’t yn syn hâlden en dragen mannichien ferrasse koe. Der sil noch faak oan him weromtocht wurde.

Rom Paad: Stichtingsbestjoer en Ried fan Tafersjoch.

Johan Kroes
Johan kroes