Betsjuttings kaart 21

1. en 2. It Smellân
Nei alle gedachten binne dizze perselen sa neamd om reden fan de langrekte, smelle foarm.

Kaart 21 5. It Heakampke
Dizze namme wiist op gebrûk as healân. It wurd ‘kamp’ is in wurd foar in stik grûn. Yn dit gefal giet it dus om in lyts stikje grûn.

6. It Breedstik
Mooglik kaam dizze namme yn gebrûk as tsjinstelling mei it noardlik lizzende en smelle stik lân.

8. It Sipkelân
It is net bekend hokker Sipke de nammejouwer fan dit perseel grûn west hat.

14. De Twa Mêd Efter It Fallaat
De bebouwing eastlik op perseel nr. 15 en westlik op perseel nr. 16, oan wjerskanten fan de Wytfeansterfeart, stie bekend as ‘It Ald Fallaat’. Súdlik fan dizze bebouwing wie oant 1727 in fallaat (soarte fan slúske). De skiednis hjirfan wurdt beskreaun yn it boekje fan Veltman ‘Oostermeer Geschiedkundig Beschreven’, side 112. Mei in ‘mêd’ wurdt de poarsje gers bedoeld, dy’t ien man op ien dei mei de seine meane kin, sa’n 50 are. Sjoch ek nr. 15.

15. It Fallaatslân
Mooglik bestiet der tusken dit perseel en  ‘It Ald Fallaat’ (sjoch nr. 14) in ferbân. Miskien waard de opbring fan dit stik lân (diels) brûkt om it ûnderhâld fan it fallaat te beteljen.

17. It Kampke
It wurd ‘kamp’ is in wurd foar in stik grûn. Yn dit gefal giet it dus om in lyts stikje grûn.

27. It Heech fan de Blokhaven
Mei it wurd ‘blokhaven’ wurdt mooglik in laad- en loskaai (foar turf, terpierde esfh.) lâns de Wytfeansterfeart bedoeld. ‘Heech’ soe slaan kinne op ‘heger oan de feart lizzend’, nammentlik oangeande de nrs. 28 en 29, it ‘Leech fan de Blokhaven’. Of spilet in ferskil yn hichte fan it terrein in rol?

28. en 29. It Leech fan de Blokhaven
‘Leech’ soe slaan kinne op ‘leger oan de feart lizzend’, nammentlik oangeande nr. 27 (sjoch dêre).

39. De Lytse Blokhaven
‘Lyts’ soe te krijen ha kinne mei lyts yn de betsjutting fan ‘in lytse loswâl’. Sjoch de nrs. 27 t/m 29.

96a. De Fermanjepôle
Op dit perseel hat yn it ferline in dopersk tsjerkje stien, stifte yn 1671, fergrutte yn 1712. It gebouke waard yn 1838 ôfbrutsen, doe’t der yn de Rottefalle in nije minnistetsjerke boud waard. Sjoch hjiroer Veltman yn syn boekje ‘Oostermeer Geschiedkundig Beschreven’, side. 72.

98. It Bildt
It Bildt is in leechlizzend greidegebiet, ynsletten troch de Lits en de noardlike takke, de Alde Lits (Kattegatsterwyk). It Bildt wie fanâlds in ‘miensker’, yn gebrûk foar it weidzjen fan fee troch de mienskiplike eigners. In ‘skar’ is in eigendomsoandiel yn in mienskar, dat rjocht jout om in simmerhealjier yn dy miensker in folwoeksen ko weidzje te litten. It Bildt waard yn 1855 ûnder de rjochthawwenden ferdield. Hoe’t dat yn syn wurk gie is te lêzen yn it boek fan E. Bosma, ‘Buitengewoon Gewoon’, side 344 e.f. It komôf fan it wurd ‘Bildt’ soe yn oarsprong itselde wêze kinne as dy fan de gemeente Het Bildt: it opbolle, dat wol sizze it oanslike lân. Yn dit gefal soenen dan beide takken fan de Lits dizze oansliking feroarsake ha.