Betsjuttings kaart 2

1. en 2. De Kattekoppen

De nûmers 1 en 2 wurde de Kattekoppen neamd. Yn 1720 komt dizze namme foar as ‘de Cattecop’. It Register fan Underhâldsplichtigen fan Wegen yn Eastermar seit dat Johannes van Poutsma, ‘de Ritmeester’, bewenner fan Haersma-State, as hierder fan 'de verbrande plaats op de Cattekop' de plicht hat ta ûnderhâld fan in part fan de wei. Yn 1738 komt men de namme ‘Cattecopscampen’ tsjin. Mooglik hâldt de nammejouwing ferbân mei de trijehoekige foarm fan it lân, dy’t oan de kop fan in kat tinken docht.

Kaart 2 3. De Hamtunen
In ferklearring fan dizze namme is net bekend. Mooglik hat it perseel wolris ferhierd west as túngrûn.

4. De Oenekamp
Dizze namme komt fan 1798 ôf foar yn de Floreenkohieren. Unbekend is oan hokker Oene de namme fan dit stik lân ûntliend is. De namme komt ek foar as Oenommekamp.

5. It Heech
De namme ‘It Heech’ sprekt foar himsels: it giet om een heger lizzend stik grûn, dúdlik sichtber as men de eastkant fan de Middelwei del rint. De namme is op mear plakken yn Eastermar te finen.

6. en 7. De Wieren

De nûmers 6 en 7 wurde ‘De Wieren’ neamd. De namme Wier tsjut op in heger lizzend stik grûn, hoewol dat earne oars yn Fryslân krekt leech lizzend lân oanwize kin. De namme de Wieren komt men fan 1798 ôf yn de Floreenkohieren tsjin. De namme sil folle âlder wêze as de earste kear dat er op skrift steld wurdt.