Betsjuttings kaart 3

1. It Breedstik
Foar it earst neamd yn it Floreenkohier fan 1718, omskreaun as it ‘Breestuk’. Op it earste oansjen is dit earder in lang as in breed stik. Mar de skeante fan it lân rint fan noard nei súd. De ikkers leinen altyd yn de lingte fan it lân, dus hjir wienen koarte ikkers oanwêzich, dy’t ek fan noard nei súd rûnen. Op dy wize besjoen wie it perseel dus breder as langer.

Kaart-03

2. De Grutte Finne
Oarspronklik wie it koartwei ‘de Finne’. Yn 1848 en 1858 jouwe de Floreenkohieren de namme as ‘de Grote Venne’. Mei it wurd ‘finne’ wurdt greide oantsjut. It wurd ‘grut’ wol útsoarte sizze dat it hjir in betreklik grut perseel greide oanbelanget.

3. De Grutte Blomfinne
Dizze namme is al hiel lang yn gebrûk. ‘Finneblom’ of koblomke’ is it Fryske wurd foar it Hollânske ‘madeliefje’. It wurd ‘grut’ wol fansels sizze dat it hjir om in betreklik grut perseel greide giet.

4. De Stripe
Yn it Floreenkohier fan 1838 komt dizze namme foar as 'de Stryppe'. Mei ‘stripe’ (de namme komt op mear plakken foar yn Eastermar) wurdt in lang en smel perseel grûn bedoeld.

5. It Harkelân
It is net bekend hokker ‘Harke’ de nammejouwer fan dit perseel is. De namme is te lêzen yn de Floreenkohieren fan 1838 en 1858 en wurdt û.o. neamd as neistlizzer fan De Sapekamp.

6. It Lyts Bûtlân
7. It Grut Bûtlân
‘It Bûtlân’ is in ferkoarting fan ‘It Bûtenlân’. De namme komt foar yn de Floreenkohieren fan 1838, dêr’t it neamd wurdt as neistlizzer fan de Stripe, it Harkelân en de Sapekamp. Oan de ferdieling yn 1911 ta wie it in miensker en waard dus mienskiplik troch in tal rjochthawwenden beweide. Tegearre waarden it Lyts en Grut Bûtlân ek wol ‘It Tsjerkebûtlân’ neamd, nei de tsjerklike eigendomsrjochten fan de Herfoarme Tsjerke fan Eastermar.

9. De Sapekamp
It is net bekend oan hokker ‘Sape’ dit stik lân syn namme ûntlient. It wurdt û.o. yn it Floreenkohier fan 1858 sa neamd.

10. De Lytse Boarst
11. De Grutte Boarst
12. De Boarst

Dizze trije perselen lân wurde oantsjut as ‘De Boarsten’. De namme  ‘de Boarst’ komt al yn de 18e ieu foar, de Boarstleane wurdt al yn 1738 neamd. De namme giet tebek op ‘borst’, in wurd dat in Yndogermaanske basisbetsjutting hat dat ‘opset, opswolle’ sizze wol. Dus de ferklearring is: in omheech geand, gloaiend stik grûn. En wa’t ris om him hinne sjocht op’e Boarstleane, sjocht ek dúdlik in hichteferskil mei oare stikken lân dy’t dêr lizze.

14. De Skeane Finne
De nammejouwing fan dizze ‘venne’, dit stik greide, is net wis. Mooglik slacht it wurd ‘skean’ op de lizzing, dus wat skean op de Achterwei. Mar it kin ek wêze dat de namme te krijgen hat mei de wize fan ôfwetterjen.

19. en 20. De Harsolte Finne
Dizze namme komt yn de Floreenkohieren foar as 'De groote venne Harsolte genaamd'. Dy namme giet tebek op ‘de Heere Capiteyn Van Haarsolte’, dy’t yn 1738, 1748, 1758 en 1768 as eigner foarkomt. De famylje van Haersolte wie ôfkomstich út it doarp Haersholte (no: de Haarst) yn Oerisel.

28. It Keningslân
Dit perseel lân wurdt foar it earst as 'het zogenaamde Koningsland' yn it Floreenkohier fan 1748 as sadanich omskreaun. Undúdlik bliuwt wat hjir mei it begryp ‘kening’ bedoeld wurdt.

32. t/m 37 De Marswâl

Al dizze perselen lân wurde yn de Floreenkohieren fan 1748 oant en mei 1858 (it lêste kohier) mei-inoar mei de namme ‘Een Venne op de Meerswal’ omskreaun. Yn feite is it begryp ‘Marswâl’ rommer as allinnich dizze finne. De namme ‘Marswâl’ komt ek by De Lits foar (sa as yn in omskriuwing ‘een hornleger aan de Meerswal’) en teffens yn it doarp Sumar.

Nei boppe