Betsjuttings kaart 5

3. De Haipôle
It wurd ‘pôle’ is it gewoane wurd foar in lyts perseeltsje grûn. Hjir jout it in stikje grûn oan wêr’t hea wûn waard, dus in ‘haaistik’.

Kaart-05

4. De Westen
Dizze namme komt al foar sûnt 1809. It is net krekt bekend wat der yn dit gefal mei ‘westen’ bedoeld wurdt. Mooglik: lân, lizzend westlik fan de (Alde) Lits.

5. It Eilân

It ‘Eilân’ ûntstie oan ‘e ein fan de 19e ieu, doe’t it noardlik stik fan de Lits kanalisearre waard. De oarspronklike bocht yn it rivierke bleau dêrby bewarre. De namme sprekt foar himsels.

6. De Komerk

De Komerk wie ornearre foar it fee dat foar de Eastermarder Jiermerken oanfierd waard. Ek wie dêr yn earder tiden it plak, neffens Veltman yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’, foar de merke-attraksjes. Omt de Komerk eigen wie oan de Tsjerke fan Eastermar, moasten de ûndernimmers dêrfoar hier betelje oan de tsjerkfâdij.

7. It Fintsje
Dizze lytse ‘Venne’ – dit is it gewoane wurd foar greide – wie yn gebrûk as greide en healân.

8. Mientepôle
It hjoeddeistige adres Snakkerbuorren 30 is boud op in grut hiem en dêr is oan te sjen dat hjir yn earder tiid in pleats stien hat. Yn de Floreenkohieren wurdt it perseel omskreaun as ‘Een hornleger op de Meerswal'. De nrs. 9 en 10, it ‘Wobbelân’ en it ‘Joukjelân’, hearden by dizze buorkerij. Wa’t ‘Miente’ krekt west hat is net bekend.

9. It Wobbelân
As eigner en brûker fan dit perseel stiet yn 1798 Wobbe Jans registrearre, mûnder fan berop. It stik lân draacht dus noch altyd syn namme.

10. It Joukjelân
Fan it ‘Joukjelân’, soms ek ‘Joukelân’, is net bekend hokker Joukje de nammejouwer fan dit perseel west hat. Ek nr. 11 wurdt wolris mei dizze namme oantsjut.

12. De Stripe
Mei ‘stripe’ (dizze namme komt op mear plakken yn Eastermar foar) wurdt in lang en smel stik lân bedoeld.

13. It Sytskelân
Dizze namme is ôfkomstich fan Sytske Roelofs Bosma, berne yn 1776, frou en widdo fan Michiel Jans Bron, herbergier yn de herberch ’s Lands Welvaren. De heit fan Michiel, Jan Michiels, troud mei Etsje Piters, kocht de herberch begjin 1763. Syn soan naam de saak oer. Michiel makke syn testamint op 21 maaie 1814 en ferstoar op 23 augustus 1814. Sytske waard doe selsstannich ‘kasteleinsche’. Hja testaminte op 15 maart 1848. Der wienen gjin bern, dus it hiele besit – Sytske hie frij folle lân yn ‘e omkriten – gyng nei har dea yn 1861 nei omke- en muoikesizzers.

14. De Haachkamp
Op de Haachkamp binne de hûzen mei de byhearrende túngrûn boud, dy’t oan de westkant fan de Skoalstrjitte steane. De namme giet tebek op’e hagen dy’t as freding om it perseel oanplante wienen.

15. De Keallekamp
De namme fan dit perseel grûn (dizze namme is ek op in oar plak yn Eastermar te finen) komt sûnt 1758 yn de Floreenkohieren foar as ‘Calver Camp’. It gebrûk fan it lân is hjir dus de nammejouwer fan it lân: de keallen waarden hjir weide. Oan de eastkant is noch (foar in part) de hage te sjen dy’t fanâlds tsjinne as freding. Oan de súdkant is in strook lân lutsen by de hiemen fan de hûzen oan de E.M. Beimastrjitte. Yn de tún is troch it ferset de âlde grins noch wer werom te finen.

16 t/m 20. De Harstpaden
Yn 1720 hat it ‘Register van Onderhoudsplichtigen’ fan wegen yn Eastermar it oer in 'bouwcamp op de Harste'. It Floreenregister fan 1738 makket melding fan ‘Twee ackers bouwland op het Harstepad, eigendom van Juffr. Anna Poutsma.’ It sil dus sa wêze dat de oarspronklike namme fan dizze lannen de ‘Harste’ west hat (ferlykje de ‘Harste’ yn Sumar). De nammen ‘Hazzepaden’ of‘Haspaden’ dy’t ek foarkomme, binne dus in ferbastering fan Harste- of Harstpaden. It Harstepaad is dus it paad dat oer de Harste rint. It oarspronklike Harstepaad rûn fan de steech tusken de adressen E.M. Beimastrjitte 31 en 33 ôf dwers oer de lannen 14 o/m 20. It is praktysk ferdwûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte it Harstepaad. Mar der wienen mear paden oer de Harste, sawol nei it noarden ta (de Middelwei) as nei it súdeasten, nei de pleats de Grutte Hoarnst, dêr’t earder Haersma-State stie. Ek de namme Haersma is te sjen as ‘bewenners fan de Harste’. De wurden ‘Harste’ en ‘Hornst’ komme dus njonken inoar foar, mei de betsjutting ‘in mei strewelleguod bewoeksen, heger lizzend stik lân.’

21 en 22. De Skeperij
De namme de ‘Skeperij’ tsjut op it bedriuwsmjittich hâlden fan skiep. Mooglik wie hjir dus in sintraal punt, dêr’t de skiep fan ûnderskate boeren út it doarp meimekoar de nacht trochbrochten. Oerdei wienen se dan ûnder de hoede fan in skeper op ‘e heidefjilden om Eastermar hinne te finen.

23. It Atse Kampke
It is net bekend hokker Atse syn namme mei dit stikje lân ferbûn is.

25 en 26. It Leech
Dit is in namme dy’t oanjout dat it oanbelangjende stik grûn (oarspronklik besteande út twa perselen) leech leit yn ferliking mei de omlizzende grûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte It Leech.

Nei boppe