Betsjuttings kaart 8

1. De Stevenskamp
It is net bekend hokker ‘Steven’ syn namme jûn hat oan dit stik lân. Sjoch ek de nrs. 37, 38 en 39. Mooglik is der in relaasje mei de dêr neamde Steven.

Kaart-08

4.  De Lange Ikkers
De ‘Lange Ikkers’ (al sa neamd yn de Floreenkohieren fan 1738) ûntliene harren nammen oan de langwerpige foarm fan dit perseel. It wurd ‘ikker’ wiist hast altyd op gebrûk as boulân. Foar it oare, op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718, wurdt it hiele kompleks lannen eastlik fan de Boerestreek en it Heechsân oantsjut as ‘De Lange Akkers’. Ynstee fan bou is der no meast greide te finen.

5. It Albertslân
It is net bekend wa’t dizze ‘Albert’, de nammejouwer fan dit perseel, krekt west hat.

6. It Kampke oan de Sânwei
By de feiling dy’t op 26 maart 1970 (provisjoneel) en op 10 april 1970 (finaal) hâlden waard (buorkerij Heidbuorren 13) stie dit perseel beskreaun as ‘ Het Kampje aan de Zandweg en de Twee Halflopenstallen’. In ‘lopenstal’ is in âlde oerflaktemjitte.

7. De Bosk

De namme ‘de Bosk’ wiist derop dat dit perseeltsje net yn gebrûk wie as bou- of greide, mar ynplante wie mei beammen en strewelleguod.

8. It Koenelân

It is net bekend wa’t dizze ‘Koene’ wie, oan wa’t de namme fan dit stik lân ûntliend is.

9. It Tiekelân of Koenelân

De ôfkomst fan de namme fan dit perseel is net bekend. Wa’t ‘Tieke’ en wa’t ‘Koene’ wienen bliuwt (foarearst) in mystearje.

18. It Wieldraaierslân

It is min te sizzen oan it ‘draaien’ fan hokker ‘wiel’ hjir tocht wurde moat. Is it in oantinken oan in middenstanner út de buorren fan Eastermar dy’t in touslagerij hie en eigner wie fan dit perseel?

19. De Gabe Heidkamp

It is net bekend wa’t ‘Gabe’ wie waans namme ferbûn is mei dit eardere stik heide. Yn de Floreenkohieren fan 1700 wurde al (yn kultuer brochte) ‘Heidcampen en Heidlanden’ neamd. Utsoarte waard de heide (eastlik fan de buorren fan Eastermar en it Heechsân) net yn ien kear, mar stadichwei-oan yn kultuer brocht. It wurd ‘heide’ komt yn alderhande kombinaasjes foar. Inkelde foarbylden binne de Heiden, de Heidens en Heidkamp. Dit lêste wer yn kombinaasje mei nammen fan eigners, sa as Gabe Heidkamp, Auke Heidkamp, Roanes Heidkamp. Ek kombinaasjes dy’t mei lizzing, foarm en ôfmjitting te krijen ha komme foar: Foarste Heidkamp, Lange Heidkamp, Grutte Heidkamp, Lytse Heidkamp, ensfh.

20 en 21. De Foarste Heidkamp

Dit perseel waard sa neamd omt it ‘foaroan’ lei, fuortby de Heidbuorren en de Swartewei.

22. It Mientelân

It is ûnbekend wa’t dizze ‘Mient’, de nammejouwer fan dit stik lân, krekt west hat.

23. It Albertslân
It is net bekend wa’t dizze ‘Albert’ west hat.

26. De Grutkamp

Tegearre mei nr. 30 foarme nr. 26 ien gehiel. Yn de Floreenkohieren fan 1738 waard it ‘een grote camp’ neamd en letter ‘de Grootkamp’.

27. De Heidkamp

De namme ‘Heidkamp’ sprekt foar himsels. It giet om in perseel eardere heide, dêr’t boulân fan makke waard.

31. De Beppekampen
Hokker ’beppe’ eigner fan dizze perselen west hat is net bekend. De meartalsfoarm wiist derop dat dit stik lân eartiids bestie út twa perselen.

35. It Atselân

Dizze namme komt û.o. foar yn in akte fan boelskieding fan 23 septimber 1871 tusken de bruorren Tsjerk, Aldert en Tamme Gosses van Dam. Maar wa’t‘Atse’ hjir west hat bliuwt yn it tsjuster.

37. De Efterste Stevenskamp
Mei nr. 38 De Middelste Stevenskamp en nr. 39 De Foarste Stevenskamp wurde dizze perselen oantsjut as ‘De Stevenskampen’. Ut in akte, dy’t foarkomt yn it argyf-Faber op Tresoar, blykt dat mei dizze Steven in Steven Wobbes bedoeld wurdt.

Nei boppe