Betsjuttings kaart 10

1. It Tsjerkhôf
Dúdlik is te sjen dat it tsjerkhôf mei de 13e-ieuske toer (it byhearrende tsjerkegebou waard yn 1868 ôfbrutsen) frij heech leit. It makket diel út dan in grutter kompleks hegerlizzende lannen. Sjoch ek nr. 2.

Kaart-10

2. It Heech
Dit perseel ûntlient syn namme oan it feit dat it frij heech leit. It is ûnderdiel fan in kompleks hegerlizzende lannen, dêr’t ek it eastlik lizzende tsjerkhôf by heart.

4. De Pastorijepleats
Dizze buorkerij (hjoeddeisk adres Toerleane 9) mei byhearrend lân, lang eigendom fan de tsjerke fan Eastermar, soarge fanâlds foar it ynkommen fan de pastoar, letter de dûmny. Veltman skriuwt hjiroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ (siden 30, 60 en 61): ‘De genoemde vastigheden vormden van ouds samen de pastorieplaats; ze bestond reeds omstreeks 1500 en werd door den pastoor zelf gebruikt of verhuurd. In 1761 besloten de Staten (van Friesland) de pastorie plaatsen der suppletie-trekkende gemeenten te verkoopen onder verbinding, de tractementen der predikanten te brengen op 500 gulden. Zoo kwam dan in 1764 de oude pastorije-plaats onder den hamer; ze bestond toen uit: 'een Boerenhuizinge en schuire, hieminge en keukentuintje, begerechtigd met een stem op No. 19, des predikants Noorder-laantje te Oosten, deszelfs Westerlaantje ten zuiden, de rijweg ten westen en noorden', met het bijbehoorende land; de plaats was toen in  huur bij Sjoerd Binnerts. De bewoner van het buiten 'Driezigt', Jetze van Sminia, kocht de plaats, die voor hem van veel waarde was om de volle stem, die er op lag.’ Sjoch ek de nrs. 6 en 25.

6. De Pastorijekamp
Dit stik lân, dat yn de Floreenkohieren fan 1848 en 1858 foarkomt ûnder de namme ‘Pastoriekamp’ maar ek wol ‘It Pastorijelân’ neamd wurdt, makket diel út fan de lannen dy’t by ‘De Pastorijepleats’ hearden. Sjoch nr. 4.

8. De Brandskamp

Op de Brandskamp, in namme dy’t as sadanich foarkomt yn de Floreenkohieren fan 1848 en 1858, waard yn 1868 de nije herfoarme tsjerke boud. Yn datselde jier waard it tsjerkegebou op it tsjerkhôf ôfbrutsen, allinnich de toer bleau stean. Wat de namme ‘De Brandskamp‘ krekt betsjut is net bekend.

10. De Koaltsjekamp
Mooglik hat it gebrûk fan it lân, it ferbouwen fan koal, hjir ynfloed hân op de namme fan it lân. Ek nr. 13 wurdt ‘De Koaltsjekamp’ neamd.

11. It Foarhûslân
Dit perseel lei fóar it wenningdiel fan de pleats, dy’t oan 1914 ta yn de súdeasthoeke fan dit stik lân stie, oan de Stiennenwei. Dizze pleats wie eigendom fan de famylje Reitsma. De fjouwer omkesizzers en erven (De Susters Wiersma) fan de lêste eigner, Durk Gjalts Reitsma, lieten de pleats yn 1914 ôfbrekke. Op itselde perseel, mar no oan de Toerleane, lieten de Susters Wiersma doe in nije pleats sette (hjoeddeisk adres Toerleane 16),ûnder architektuer fan Meint Hylkes Bottema.

12. De Tsjerke-ikkers
Foarsafier as bekend ha dizze ikkers nea heard ta it tsjerklik besit. Tinklik betsjut dizze namme ‘de ikkers, dy’t foar de tsjerke oer (op it tsjerkhôf) lizze’.

14. It Efterhûslân

Dit stik lân hearde al fanâlds by  ‘De Patroanspleats’. Sjoch nr. 25. Dizze pleats stie mei de efterkant nei de wei (It Heechsân), reden wêromt dit perseel sjoen waard as ‘lizzende efter it hûs’.

16. De Jimkes
Dizze namme, skreaun as ‘De Hiemkes’, wurdt útsprutsen as ‘De Jimkes’. It is mooglik dat it hjir oarspronklik giet om stikken‘hiem’ mei bebouwing. Ek de namme fan de neistlizzende Stiennenwei kin hjir mei te krijen ha. De stiennen dy’t dêr yn fûn binne, kinne ôfkomstich wêze fan de Jimkes. Foar de oergong fan ‘Hiemkes’ nei ‘Jimkes’, sjoch ek nr. 20.

17. De Iikbosk
Yn de Floreenkohieren komt dizze namme foar as ‘een hornleger, de Eekbosch genaamd’. Sûnt 1768 wurdt skreaun ‘een Eekbosch’, nei 1840 ‘de Eekbosch’. De namme is ûntliend oan de ikebeammen dy’t hjir yn earder tiden stienen.

19. De Bosk
De namme ‘De Bosk’ giet tebek op de tiid doe’t dit perseel ynplante wie mei beammen en strûken.

20. en 21. De Snjisten
Dizze namme komt fia ‘snies’ fan ‘snees’, wêrby’t dizze wurden as ‘snjist’ (meartal de Sniezen of Snjisten) útsprutsen wurde. Ferlykje nr. 16, de Hiemkes, dy’t ‘Jimkes’ wurde,  Eestrum dat Jistrum wurdt en (yn Jistrum)‘de Geasten, dy’t ‘de Gjisten’ wurde. Foar in ferklearring kin tocht wurde oan Ald-Ingelsk ‘snaith’ (dws. in nij yn kultuer brocht stik grûn), mar ek oan it wurd ‘snies’, dat in âlde Fryske lânmjitte is. In snies is tweintich fjouwerkante roeden. De Snjisten soenen eartiids dan ferdield west ha yn in tal perselen fan dy ôfmjitting. In tredde mooglikheit is dat ‘snies’ in gearlûking is fan ‘Sân-Ies’, mei de betsjutting ‘Sânige Ies’.

25. De Patroanspleats
Dizze pleats (hjoeddeisk adres Heechsân 9) mei it lân dat der byheart, wie fanâlds eigendom fan de tsjerke fan Eastermar en levere de ynkomsten foar it ûnderhâld fan de tsjerke. De Patroan fan de tsjerke, dws. de hillige oan wa de tsjerke tawijd wie, fungearre as symboal foar ‘tsjerke’. Veltman sitearret yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 46 e.f. oer dit Patroansgoed út de Beneficaalboeken (1543) ûnder mear:  'Item, Benert Jeldesoon heeft in huer omtrent XXIIIJ pondemaeten saedlandt ende XIJ mansmat hoylandt, X grasingen van den Patroen ende Pastoer voor IIIJ gouden floreenen daer aff den Patroen compt IJ gouden floreenen ende VIJ stuvers’. Binnert hat dus sawol patroanslân as pastoarslân yn gebrûk.
Yn 1581, neffens Veltman, wie de hier ‘vier goudguldens en acht stuivers (in hedendaagsch geld zes gulden), waarvan de pastoor echter de helft toekwam’. Blykber waard it ynkommen fan de pastoar (sjoch nr. 4) dus oanfolle mei ynkomsten út it besit fan de patroan.
Nei de Reformaasje waarden de patroanslannen diels ferkocht. Veltman is fan betinken dat soks út spekulaasjesucht barde, dy’t ferbân hâlde mei de feanterij yn de Leien en de hege opbringst fan de turf.

26. De Kosterij
As ‘kerkedienaar’ fungearre fanâlds de koster, dy’t ek kloklieder wie. Hy bewenne in hûs (‘De Kosterij-pleats’, hjoeddeisk adres Toerleane 13) fuort noardlik fan de tsjerke, eigendom fan de tsjerkfâdij. Veltman skriuwt yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 49 e.f. oer de ynstruksje fan de koster, dêr’t út bliken docht dat hy net allinnich kloklieder, mar ek fuorman wie ‘ten dienste van kerk en pastorie, geëmployeerde bij het scharren der gemeenschar, schutstalhouder en doodgraver, terwijl zijn huis van tijd tot tijd als 'tehuis voor dakloozen' diende!’

Nei boppe