Betsjuttings kaart 11

1, 3. en 4. De Langgeasten
‘De Langgeasten’ lizze op sawat it heechste diel fan it doarpsgebiet fan Eastermar. It wurd ‘lang’ferwiist nei de lingte fan de ikkers, it wurd ‘geast’ is in namme foar lânbougrûn op heechlizzende sângrûn. De Langgeasten foarmje yn feite it noardlik diel fan in al ier yn de Midsieuwen oanmakke grutter stik heide, dêr’t ek de súdlik lizzende ‘Lange Ikkers’ diel fanútmeitsje. Sjoch de nrs. 15 oant en mei 18. De Langgeasterloane, dy’t noardlik fan dit kompleks rint, wurdt yn 1738 al sa neamd.

Kaart-11

2. It Gerkeboskje, ek: It Gjalteboskje
It is net bekend wa’t krekt Gerke of Gjalt west hat.

5. It Kramerslân
It is ûnbekend nei hokker (famylje?) ‘Kramer’ dit perseel neamd is.

7. It Jan Sytseslân
It is net bekend wa’t de ‘Jan Sytses’ is oan wa’t de namme fan dit stik lân ûntliend is.

8. De Boskkamp

De namme fan dit stik lân (al sa neamd yn 1738) is sûnder mis te tankjen oan de omstannichheid dat it perseel eartiids hielendal of diels út bosk en strewelleguod bestie. It wie miskien ien gehiel mei de nrs. 12. en 13. Waard it miskien letter yn kultuer brocht as de omlizzende perselen? De namme Boskkamp is op mear plakken yn Eastermar te finen.

11. It Geeskelân

It is net bekend wa’t dizze ‘Geeske’ krekt west hat.

15. t/m 18. De Lange Ikkers

It wurd ‘ikkers’ ferwiist hast altyd nei gebrûk as bou, wylst it wurd ‘lang’ ferwiist nei de foarm fan in perseel. Der hat in tiid west dat dizze perselen ien gehiel foarmen. Sjoch ek de nrs. 1, 3 en 4, de ‘Langgeasten’. It hiele kompleks lannen (oan de Seadwei ta) komt op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 foar as ‘De Lange Akkers’.

25. De Ikkers, ek: De Autchers-ikker
Dit perseel wurdt oantsjut as ‘De Ikkers’, mar stiet yn 1838 (Floreenkohieren) omskreaun as de ‘Autchersakker’, yn 1848 en 1858 as ‘Authersakker’. It wurd ‘Authers’ is miskien in ferbastering van ‘Authorisatie’, dat ‘machtiging’ betsjut. It perseel lei dus mooglik yn dy tiid ûnder tafersjoch fan in fâd. Ek nr. 37 wurdt ‘De Ikkers’ neamd.

29. It Kampke
It wurd ‘kamp’ is in wurd foar in stik grûn. Yn dit gefal giet it dus om in lyts stikje grûn.

30. It Klaas Tsjitteslân

Dit perseel lân is neamd nei de eartiidse eigner, Klaas Tsjittes Hoogeveen. De fjouwer bern Hoogeveen, Teatske, Martinus, Klaas (1803-1879) en Jacob wienen bern fan Tsjitte Klazes en Geeske Martinus Hoogeveen. Hja neamden har yn 1811 nei harren mem Hoogeveen en net‘Bosma’, sa as de famylje fan harren yn 1807 ferstoarne heit. Alle fjouwer ha nea troud west en wennen op in pleatske op it Heechsân (hjoeddeisk adres Heechsân 17).

31 t/m 33. It Noardein

De namme ‘Het Noordend’ komt fan 1788 ôf yn de Floreenkohieren foar. Blykber waarden dizze lannen sjoen as ‘it noardlik ein’ fan in yn kultuer brocht stik heide, dat yn 1718 yn syn gehiel op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 as ‘De Lange Akkers’ oantsjut wurdt.

36. It Hamsterlân

Mooglik ferwiist dizze namme nei in oarspronklike eigner, dy’t yn Droegeham wenne, sa as bygelyks ‘de Hamster Tsjerkfâdij’.

38. De Stoarmikkers
It wurd ‘ikker’ ferwiist hast altyd nei bou. Oan hokker ‘stoarm’ hjir tocht wurde moat is net dúdlik. Natoergeweld? De famyljenamme Storm?

39. De Sânljippenstâl
In ‘ljippenstâl’ (Hollânsk: Lopenstal) is in âlde oerflaktemjitte foar boulân, sawat in pûnsmiet (trije pûnsmiet is likernôch ien hektare). Ik giet hjir dus om 7 ljippenstâl. Sjoch ek nr. 41.

40. It Wanderslân

Sûnt 1738 wurdt dit perseel yn de Floreenkohieren ‘De Groote Kamp’ neamd. De namme ‘It Wanderslân’ kaam letter yn gebrûk, mar it is net bekend wa’t dizze Wander krekt west hat.

41. De Fiifljippenstâl

In ‘ljippenstâl’ (Hollânsk: Lopenstal) is in âlde oerflaktemjitte foar boulân, sawat in pûnsmiet (trije pûnsmiet is likernôch ien hektare). Ik giet hjir dus om 5 ljippenstâl. Sjoch ek nr. 39.

47. en 48. De Knollenskamp

It is net bekend wêrom’t dit perseel sa neamd wurdt. Mooglik moat tocht wurde oan ‘knollen’ (rapen?) dy’t hjir miskien ferboud waarden.

50. De Grombachikker, ek: de Griene Bosk-ikker

Yn de Floreenkohieren fan 1700 oant 1838 wurdt dit perseeltsje grûn hieltyd Grombachsakker of Grombachakker neamd, útsein yn 1738. Yn dat jier stiet it omskreaun as ‘Crombagtsakker’. Blykber is‘Grombach’ de namme fan in eardere eigner. Mar de Floreenkohieren fan 1848 en 1858 brûke foar dit stikje lân de namme ‘De Groene Boschakker’.

Nei boppe