Betsjuttings kaart 12

10. en 11. De Scheepskamp
Oarspronklik waard dit stik lân (Floreenkohieren van 1748 en 1758)  'Het Groenewoudt West' neamd. Yn it Floreenkohier fan 1798 stiet dizze namme oanjûn as ‘Schiepekamp’. Yn 1828 en 1838 is it ‘Scheepecamp’. Yn de Floreenkohieren fan 1848 en 1858 wurdt it perseel omskreaun as‘De Scheepskamp’. De ôflieding is sûnder mis in stik lân brûkt foar skiepweidzjen.

Kaart-12

12. en 13. De Willekamp
Fan 1798 oant 1858 jouwe de Floreenkohieren de namme fan dit perseel as ‘De Wiltecamp’, dêrnei falt de letter t fuort en wurdt it hieltyd omskreaun as ‘De Willekamp’. Nei alle gedachten is de nammejouwer fan dit stik lân inWilte, mar fierdere bysûnderheden ûntbrekke.

18, 19 en 20. De Heidkamp

Oarspronklik foarmen dizze trije perselen ien gehiel. De namme Heidkamp sprekt foar himsels: it giet om in stik heide dat ta bou makke waard. Yn de Floreenkohieren fan 1700 wurde al (yn kultuer brochte) ‘Heidcampen en Heidlanden’ neamd. Utsoarte waard de heide (eastlik fan de buorren fan Eastermar en it Heechsân) net yn ien kear, mar stadichoan yn kultuer brocht. It wurd ‘heide’ komt yn alderhande kombinaasjes foar. Inkelde foarbylden binne – njonken de Heidkamp - de Heiden en de Heidens. Heidkamp komt ek foar yn kombinaasje mei nammen fan eigners, sa as Gabe Heidkamp, Auke Heidkamp, Roanes Heidkamp. Ek kombinaasjes dy’t mei lizzing, foarm en ôfmjitting te krijen ha komme foar: Foarste Heidkamp, Lange Heidkamp, Grutte Heidkamp, Lytse Heidkamp, ensfh. Sjoch fierder de nrs. 21, 25 o/m 27 en 31.

21. De Heiden
De namme ‘De Heiden’ sprekt foar himsels: it giet om in stik heide, dat ta bou makke waard. Sjoch fierder de nrs. 18 o/m 20, 25 o/m 27 en 31.

25, 26 en 27. De Heidens
De namme ‘De Heidens’ sprekt foar himsels: it giet om in stik heide, dat ta bou makke waard. Sjoch fierder de nrs. 18 o/m 20, 21 en 31.

29. Houkewylgen
In akte út 1835 jout dizze namme as ‘eene heidkamp, Houkewilgen genaamd’. It earste diel giet oer de foarnamme Houk(je), it twadde diel ferwiist nei de wylgebeammen dy’t blykber om it perseel stienen. Wa’t Houkje krekt west hat, is net bekend. Sjoch ek nr. 33.

31. Roanes Heidkamp
It twadde diel fan dizze namme, Heidkamp, sprekt foar himsels: it giet om in stik heide, dat ta bou makke waard. De foarnamme ‘Roane’ ferwiist nei alle gedachten nei in eartiidse eigner, mar it is ûnbekend wa’t dizze ‘Roane’ west hat. Sjoch fierder de nrs. 18 o/m 20, 21 en 25 o/m 27.

33. Houkewielen
It foarste diel fan dizze namme ferwiist nei de foarnamme Houk(je). It twadde diel kin nei in ‘wiel’ ferwize, in dobbe dy’t yn dit eardere stik heide groeven is, bedoeld om de bisten te drinken te jaan. Sjoch ek nr. 29.

34. It Kikeboskje
Kike is in oare, populêre namme foar Grytsje. Mar oan hokker Grytsje de namme fan dit perseeltsje bosk ûntliend is, is net bekend.

Nei boppe