Betsjuttings kaart 14

1. It Sapelân
It is net bekend nei hokker Sape de namme fan dit perseel ferwiist.

Kaart-14

2. It Binne Harkeslân of Binneslân
Veltman skriuwt yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side. 21 oer dizze Binne Harkes: ‘Binne Harkes gunde zijn lichaam zelfs geen nachtrust: hij sliep, op de knieën liggende om 's morgens maar des te vlugger bij de hand te zijn. Deze overdreven arbeidzaamheid heeft hem echter het leven gekost. De landen van dezen boer afkomstig, worden nog steeds de Binne-Harkeslanden genoemd.’

3. De Dolle
De namme ‘De Dolle’ ferwiist nei de tiid dat op dit perseeltsje sân ôfgroeven waard. It is in ôflieding fan it Fryske tiidwurd ‘dolle’, dat ‘grave’ betsjut. De namme komt op mear plakken yn Eastermar foar, ferlykje nammen as ‘Gerkedolle’ en ‘It Doltsje’. Ek wolris liedt de aktiviteit fan sândollen ta in oare namme: ‘It Sânlân’.

4. It Unlân

Yn it Floreenkohier fan 1738 wurdt it kompleks lannen It Unlân (nrs. 4 en 7), Lyts Unlân (nr. 5) en Grut Unlân (nr. 6) oantsjut as ‘bouw- en onland’. Dit lêste slacht op it feit dat in diel noch net yn kultuer brocht wie. Mei ûnlân wurdt leechlizzend en sompich lân bedoeld.

5. It Lyts Unlân

It perseel ‘Klein Onland’ heart by it kompleks lannen dat yn 1738 noch net hielendal yn kultuer brocht wie. Sjoch nr. 4.

6. It Grut Unlân

It perseel ‘Groot Onland’ heart by it kompleks lannen dat yn 1738 noch net hielendal yn kultuer brocht wie. Sjoch nr. 4.

14. en 15. It Efterste Stik
It ‘Achterste Stuk’ waard mooglik sa neamd omdat it, sjoen fan de wei (de Mounekamp) ôf foar de eartiidse eigner it efterste stik lân fan syn besit wie.

25. en 26. De Fianen

It is ûnbekend wat de namme ‘Vianen’ krekt betsjut. It is net ûnmooglik dat der in ferbân mei fean (De Feanen) is en dat der yn it ferline op dizze perselen op lytse skeal turf wûn is.

27, 28 en 31. De Joerekampen

De namme ‘De Joerekampen’ (en ek it wat westliker lizzende perseel ‘De Joerekamp’) is ôflaat fan de Joerepleats (hjoeddeisk adres Joereleane 1). Veltman skriuwt hjiroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 29 dat de Joere fanâlds bestie út twa pleatsen wêrfan’t  de noardlike om 1735 hinne ôfbrutsen waard. Op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 binne dy twa buorkerijen noch yntekene. Veltman spekulearret op side 94 oer de fraach oft op de Joere yn in fierder ferline in (aadlike) stins stien hat.

30. De Lytse Bosk

Oan wjerskanten fan de Joereleane kaam oant yn de 20e ieu in soad bosk foar. Oan de noardkant leinen de perselen de ‘Lytse Bosk’ (nr. 30) en de ‘Grutte Bosk’ (nr. 33). Dizze nammen binne relatearre oan de perseelsgrutte. Foar de ‘Wylde Bosk’ sjoch nr. 34.

34. De Wylde Bosk

De namme de ‘Wyldebosk’ is mooglik in ferwizing nei it feit dat dit stik lân sa ticht oergroeid wie mei beammen en strewelleguod, dat it mar muoisum tagonklik wie. Sjoch ek de nrs. 30 en 33.

Nei boppe