Stichting Rom PaadEastermar is prachtich. Om te wenjen en om te rekreëarjen. De omkriten fan Eastermar binne foar rêstsikers in oantreklik rekreaasjegebiet. Foar boatsjeminsken, fytsers, ruters of kuierders fan bûten, mar ek en benammen foar de Eastermarders sels. De leden fan de Feriening Eastermars Lânsdouwe wolle duorsume lânbou yn lykwicht hâlde mei miljeu, de streekeigen natoer en it karakteristike lânskip. En de oerkoepeljende koöperaasje fan de Noardlike Fryske Wâlden koördinearret yn de streek de ferskate ferienings mei deselde doelstelling as ‘Eastermars Lânsdouwe’. As der al sa’n oandacht is foar lânskip en natuer yn en om Eastermar hinne, wêrom dan noch in Stichting Rom Paad mei in lyksoartich doel? In tal minsken yn Eastermar is fan betinken dat der yn ‘e rin fan ‘e tiid in soad kuierpaden en lânskipseleminten ferdwûn binne. Tink bygelyks oan dobben, sânreden en doarnehagen (meidoornhagen). Ien fan de doelstellingen fan de Stichting is it ûntsluten en tagonklik meitsjen fan paden en reden dy’t fanâlds diel útmakken fan de lânsdouwe. Mar dy’t troch gebrek oan ûnderhâld, skaalfergrutting en de drang om effisjint te buorkjen út it sicht rekke binne. Ek de oanlis fan nije paden hat it omtinken. |