Rinnende saken

De lêste ûntwikkelingen

Learlingen fan ROC Friese Poort yn Dokkum, it Dockingacollege, hawwe as learprojekt foar de Stichting Rom Paad in oantal wringen makke. In wringe is in karakteristike houten hikke mei in boppelizzer dy’t oan beide kanten útstekt: oan ‘e iene kant as kontragewicht en oan ‘e oare kant as hânfet en sluting. Fanâlds waarden se by de yngong fan perselen pleatst.

Wringen binne stadichoan út it lânskip ferdwûn en ferfongen troch stekken fan izeren buizen. Wol praktysk, mar it kin moaier.
As de ôfwurking klear is sille de wringen op ‘sichtlokaasjes’ pleatst wurde en as doarren yn it lânskip in stikje agraryske erfgoed werombringe.

It earste ein fan de Lytse Seadwei, de ferbining tusken Heidbuorren en Healewei, is troch it Wetterskip opknapt. Der moast in nije dûker pleatst wurde en doe is de reed fuort foar in part opknapt. ‘Wurk mei wurk’ hyt dat.

Foar kuierders is der noch mear te melden: de pier oan ‘e noardkant fan it PM-kanaal (oer de Skûlenboargerbrêge linksôf) kin no ek berûn wurde. De pier is op ‘e nij ynsiedde en de klapstekjes dy’t it fee keare moatte, kinne wer brûkt wurde.

Ek de Bildreed is folle tagonkliker wurden. It stikeltried dat as skieding fungearre tusken it fytspaadsje en de neistlizzende gersreed, is weihelle. De gatten binne tichtmakke en der is no in paad ûntstien dat ek foar ruters oantreklik is. De gemeenten Tytsjerksteradiel en Smellingerlân hawwe wylst ek it fytspaad tusken de Eastermarder Bildreed en de Rottefalle ferbrede. Sa is der foar skoalgeande en toeristyske fytsers in feilige rûte fan Eastermar nei de Rottefalle realisearre.