Belvedêrepaad (4 km)

It Belvedêrepaad is neamd nei de útkyktoer dy’t eartiids stie yn de kuierbosk by soarchsintrum ‘Nieuw Toutenburg’. Om 1950 hinne is dy ôfbrutsen en ferpleatst nei it bûten ‘Vijversburg’  (bosk fan Ypey).
* De rûte begjint by de haadyngong fan soarchsintrum ‘Nieuw Toutenburg’. Kuierders meie hjir har auto parkeare.

 

Belvedêrepaad

* Earst kuiereje wy lâns de gebouwen fan dit sintrum. Dêrnei by de bistekamp del.
Nei Toutenburg giet de rûte troch de âlde bosk.
Dizze bosk wie eartiids in kuierbosk mei kronkelpaadsjes en moaie rjochte leanen. Oan ‘e Ryksstrjitwei stie in loazjemint dat der byhearde: ‘Het Boshuis’. De kuierbosk makke doe diel út fan fan in folle grutter boskgebiet. Men komt nammen tsjin as ‘Schwartzenbergbosch’, ‘Haarsmabos’, ‘Du Toursbossen’, ‘Kûkhernsterbosk’. Dizze bosken ha ek as wurkferskaffingsprojekt yn it besit west fan it ‘gemeentlik boskbedriuw’. In soad kronkelpaadsjes binne ôfsluten. Troch stikkene brechjes en achterstallich ûnderhâld kinne se net mear brûkt wurde. Yn it ramt fan dizze kuiertocht koe ien slingerpaadsje opknapt wurde. Der waarden ek twa nije brechjes oanlein.

* It paad del tusken it yndustryterrein fan Noardburgum en nij oanlein bosk nei Klompemuseum en –makkerij Scherjon (in partikulier museum dat sûnder subsydzjes draait).
Yn it gebou wie eartiids it earmhûs (1843) festige. It paad waard om 1950 hinne oanlein foar de bewenners fan Toutenburg. It doel wie om yn it eardere earmhûs in aktiviteitesintrum op te setten.

* Oer de Klaas Piersreed by Vitens’ wetterproduksjebdriuw del nei de bertebosk.
Oan ‘e Klaas Piersreed binne botanysk ynteressante planten te finen.
De bertebosk is in inisjatyf fan ‘GrienLinks’. De oerstallich wurden sportfjilden binne ynrjochte as boskgebiet. Alle jierren wurdt der op de beamplantdei in nij hoekje bosk oanplante dat de berte symbolisearret fan nije Tytsjerksteradielsters.
Bysûnder is de leane dêr’t alle jierren in oantal nije beammen plante wurdt (eefkes fan ‘e rûte ôfwike foar it ynfopaniel).


* Lâns in marke(pingo), mei in earrebarrenêst, troch jong bosk nei de eardere belvedêre.
De jonge bosk is fan wetterliedingsbedriuw Vitens. Yn de ôfrûne moannen (begjin 2008) is dit gebiet op ‘e nij ynrjochte. Der binne paden spesjaal foar kuierders en der is ek in ruterrûte oanlein. De belvedêre is boud (en letter op ‘e nij boud) oan ‘e ein fan de tiid dat dit gebiet (Burgerheide) oanmakke is.  Yn ‘e twadde wrâldkriich is de belvedêre troch de Dútsers brûkt as útsichtpost foar it ‘spotten’ fan alliearre fleantugen. Dy koenen dan ‘opheind’ wurde troch jachtfleantugen fan de basis Ljouwert.

* En werom nei it begjinpunt fan de kuiertocht.
Opfallend is in ferheging yn it lân. Hjir waard oant sa’n 30 jier lyn it ferneamde pinksterfeest (yn ‘e folksmûle: it broekjefeest) hâlden; in festival foar û.o. muzykkorpsen.

Keppelpaad (1 km)

Tichteby de bistekamp is in ferbiningsrûte (Keppelpaad) nei it Ritskeboskpaad: in oanbuorjende rûte fan 4 km.

belvedere route
Foto: Rienk Ytsma

Mear foto's fan it Belvedêrepaad

Mear ynformaasje oer de Wurkgroep kuierpaden Burgum e.o.

Printfreonlike ferzje yn PDF