Omkriten

Om Eastermar hinne binne ferskate lânskipsoarten te finen mei allegear in eigen karakteristyk: it kûlisselânskip dat ûntstiet troch de beamwâlen dy’t al sûnt minskewitten as freding fan de greiden tsjinje; en it wettergebiet mei syn eigen floara en fauna.

It doarp Eastermar leit tusken twa marren yn. Oan ’e noardkant fan it doarp leit de Burgumer Mar dy’t yn ‘e iistiid ûntstien is. Om de Mar hinne lizze prachtige reidlannen en sompige gebieten (wetlands).
De Leien, oan ‘e súdkant fan it doarp, hat in hiel oare oarsprong. Dizze mar is ûntstean troch ferfeanting dy’t oant 1750 duorre hat. De Leien is dus sa’n 250 jier âld.
De Leien is net djip. Skippen mei in kyl kinne fia de farrûte de Leien oer. Platboaiems en oare boaten dy’t net sa djip stekke, ûnderfine gjin beheinings. Op de Leien is de rykdom oan floara en fauna sa mooglik noch grutter as op de Burgumer Mar. Yn dit gebiet komme fûgels foar as de Smjunt (Smient), Karein (Tafeleend), Túfein (Kuifeend), Ielgoes (Aalscholver), Blaustirns (Zwarte stern), Burdmantsje (Baardmannetje) en Reidbolle (Roerdomp).

loftfoto.jpg
Eastermar, de Lits en de Burgumer Mar


Yn it ramt fan de Lits-Lauwermarrûte binne der ienfâldige foarsjennings oanbrocht dy’t it karakter fan de Leien net oantaaste: der binne eilantsjes mei in steiger dêr’t men oanlizze kin en op plakken wurdt de mar djipper makke.
Steatsboskbehear hat op fjouwer plakken útsichtpunten makke: trije oan ‘e Leien en ien oan ‘e Burgumer Mar.

Eastermar leit midden yn ien fan de Nederlânske Nasjonale Lânskippen, 'de Noardlike Fryske Wâlden'.